Bron: Omropfryslan.nl
It âldste oargel fan Fryslân, yn de Salviustsjerke yn Dronryp, stiet der net goed foar. De pipen wurde oantaaste troch leadkorroazje en in restauraasje kostet goed 4 ton.
Al yn 1657 waard it ynstrumint yn d’Alde Wite boud. Dêrmei is it it âldste tsjerkoargel fan de provinsje. Mar it stiet der hieltyd minder foar.
Der komme gatten yn de pipen en de soldeernaden brekke iepen. En dan komt der gjin lûd mear út it Baderorgel.
Om it hiele oargelwurk op te knappen is der mear as 4 ton nedich. In grut part dêrfan moat út subsydzjes komme. En der wurdt jild ynsammele: letter dit jier jouwe oargelspilers fjouwer benefytkonserten.
Breder probleem
Ien fan de fjouwer oargelspilers dy’t in konsert jaan sil is Peter van der Zwaag. Hy fernimt dat it probleem breder spilet. “De lêste 20 à 30 jier is it in hiel grut probleem wurden, net allinnich yn Nederlân mar yn hiel Europa. Just yn de âldste oargels spilet it no ynienen op.”
Dat ropt fragen op by de oargelspilers: “Wêrom is it ynienen sa bot, yn safolle ferskate oargels?”
Der wurdt spekulearre dat klimaatferoaring der miskien wat mei te krijen hat. “As der mear CO2 yn de loft sit, en as dat opnaam wurdt yn de loft, dan krijst koalsoer. Dat kin yn it piipwurk frette. Dat kin in reden wêze. mar de krekte reden witte wy net”, seit Van der Zwaag.
De organisaasje hat yntusken 60.000 euro binnen. Se hoopje yn 2026 útein te setten mei de restauraasje. “As we neat dogge is it pypwurk aanst ferlern. En dat soe in noch folle gruttere ramp wêze”, seit Van der Zwaag.